"Rûchste bluesband fan Fryslân. In rauwe strôt, skuorrende gitaren, in strakke ritmeseksje en in goed humeur, Skraal yn in nutedop."

Net samar in bluesband, mar in eigensinnige fiifmans bluesrockformaasje. Wat yn 2009 begûn as garaazjeband is no in stampende goedrinnende Fryske bluesrockmasine.

De band skriuwt en komponearret syn eigen nûmers ynspirearre troch The Red Devils, The Doors en AC/DC. Neist twa studioalbums: Helden fan de tredde helte en Rubber, Reek & Fjoer (ek op vinyl!), ha sy in live album en in stikmennich singels en videoclips utbrocht.

Mei Skraal binne jo wis fan fan in dik oere earlike muzyk en in gesellige sfear, geskikt foar elk feest of festival. Sa spile Skraal al op Aaipop (it grutste Frysktalige festival fan Nederlân), it Blues &Americana festival, Hunekopfestival, Knypstermerke, Expansie, Oerrock, Oldtimer festival, Veenhoop festival en fansels yn bulten rikkerige kroegen en poppodia. Skraal is gauris te hearren op Omrop Fryslân. Ek wiene sy al in kear as wat live yn it programma Noardewyn. Der is gjin kroech mear feilich want Skraal hat in eigen PA ynstallaasje en lûds(man) technikus.

DISCOGRAFY

Smiley face
2019 | Rubber, Reek & Fjoer (CD & LP)
Keapje | Itunes | spotify


Smiley face
2015 | SKRAAL - LIVE (livealbum)
Keapje | youtube | iTunes | Spotify | Soundcloud


Smiley face
2012 | Helden fan de tredde helte (album)
Keapje | spotify | Itunes | Soundcloud


2010 | Kryst Yn Fryslân (sammelskiif)
2010 | Aaipop live (sammelskiif)
2009 | Net te folle wolle (Demo EP)

SINGLES


2015 | SINGLE "Fryslân"
spotify | youtube | iTunes | Soundcloud

2013 | Dopje d'r noch ien (Single)
spotify | youtube | Itunes| Soundcloud

2011 | Sinnebril(Fryske Simmerhit)
spotify | youtube | Itunes

SJOP

Skrale fanartikels oanskaffe? cd's fan ús?

T-SHIRTS CD / LP Oar guod

Optredens


Hichtepunten
10Jier Jubileum @ Jolke Terwispel, Aaipop Festival, Noardewyn Omrop Fryslan, Expansie Jubbega, Oerrock, Hunekop Festival, Bernlef, Knypster merke, Abe Lenstra Stadion, Streekein Festival

SKRAAL TV

Real live soap rondom de avondturen van de band

Sjoch op SKRAAL.TV Sjoch op Youtube

Kontakt / Boekingen

Info@skraal.nl

Pers Download:
Technyske rider (priklist)
Hege resolúsjefoto 1
Hege resolúsjefoto 2
Transparant logo
Poster

©2019 SKraal bluesrock & Ringpongpang webdesign